Skip to Content

Tuesday, August 20th, 2019

Sa beroerd binne de Belgyske diken

Closed
by December 21, 2017 General

Dat riden troch it Belzelân ûnferwachtse ferrassings opsmite kin, wit elke Fries. Undúdlike linen, gatten yn it asfalt, hulterige balstiennen as fluorring, se binne hast like bekend as Manneken Pis en it Atomium.

Net allinne foar Europeeske ferhâldings binne de strjitten, leanen en autostrada’s fan ‘e Belgen min, op wrâldskaal dogge se it ek net bêst. Dat is de konklúzje fan it WEF, in organisaasje dy’t de ekonomyske tastân fan lannen yn kaart bringt. Oer it generaal docht België it treflik: it Belgyske ûnderwiis is tige goed en België stiet wrâldwiid op plak tweintich as it giet om de wolfeart fan syn ynwenners. Wat de diken oangiet is it oars: dêrmei stiet it lân op plak 46. Untwikkelingslannen lykas Rwanda, Ekwador, Namibië en Swazylân hawwe bettere diken as it rike België.

Nederlân docht it gâns better. Dat stiet op plak 5. Yn Europa hat allinne Switserlân noch bettere diken. Oare Europeeske lannen yn ‘e top tsien binne Frankryk, Portugal en Eastenyk. De bêste diken fan ‘e wrâld binne te finen yn ‘e Feriene Arabyske Emiraten. Op plak twa stiet Singapore.

Previous
Next